Earen sûnder takomst

Geert Beenen en syn frou An foarmje mei harren twa bern in trochsnee gesin mei normale takomstferwachtings. Dêr komt abrupt in ein oan as Bert fan syn húsdokter te hearren kriget, dat hy nei alle tinken syn gehoar ferlieze sil. Hy wurdt opstannich en it liket derop dat er al syn frustraasjes op syn frou ôfreagearret. It ûnferwacht ferskinen fan har earste grutte leafde bringt noch mear spanning tusken it stel. Neist problemen mei har man hat An ek problemen mei de libbenswize fan har dochter en de rabberij fan har skoansuster. De regelmjittige moetings tusken syn frou en har eks freon binne sawol Bert as de bern in stikel yn 'e foet. As An, nei de safolste ûngenuansearre en pynlike snútslach fan Bert, yn de earmen fan har eks freon flechtet, betsjut dit dan de ein fan in lokkich houlik?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SNOEREN, Jo
Titel: Earen sûnder takomst
Skreaun yn: 1995
Utjoen yn: 2004
Te keap: 1
Oersetter: Krist, A.
Oarspr. Titel: Oren zonder toekomst
Ynfierdatum: 2004-12-31
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3