Eelke’s net te leauwen yllúzjenaasjes

Eelke sit mei syn heit en mem yn de wachtkeamer by de dokter, omdat Eelke yllúzjenaasjes hat. Heit en mem kinne it eins net útlizze, dus docht Eelke it sels. Ut syn ferhaal komme in tal yllúzjenaasjes nei foaren, dy't it publyk te sjen krijt. De dokter fynt it in ynteressant gefal, neffens him is der neat bard en bestean de yllúzjenaasjes allinne mar yn de fantasij fan Eelke en syn âlders. Dy binne it der net mei iens en se freegje Eelke noch in kear de yllúzjenaasje fan it fanfarekorps te dwaan. De dokter sil sizze dat er in ôfspraak meitsje sil by in spesjalist en...stadichoan begjint er te rinnen, mear en mear yn de maat, de marsmuzyk wurdt lûder, de oaren begjinne achter him oan te rinnen. Se marsjeare allegearre ôf, Eelke as lêste, wylst er tsjin it publyk seit:'Ik hoopje net dat it oanhinget, oars krije jim it ek'.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): AYCKBOURN, Alan
Titel: Eelke's net te leauwen yllúzjenaasjes
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2012
Te keap: 1
Oersetter: Veen, Piter van der
Oarspr. Titel: Ernie's incredible illucinations
Ynfierdatum: 2012-01-14
Dekor: ien
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0