Efkes ryk
Klaas Brander bewennet mei frou en dochter in gemeentewent, dy't heech nedich renovearre wurde moat. Sa falt it elektrysk ljocht iderkear út en dêr makket Klaas him likefaak lilk om. Dat hat fansels ynfloed op de sfear yn 'e húshâlding en ek op 'e ferhâlding mei syn suster, dy't deun njonken harren wennet. Mar der liket feroaring te kommen as Klaas oer de post in sjek fan tritich-tûzen gûne tastjoerd kriget en der deselde deis in amtner fan de gemeente komt om alles op te nimmen. Dy amtner wit lykwols fan dy sjek neat ôf en as Klaas him even sjen litte wol, is er .... wei. Op it oanbod dat de gemeente docht om him ôf te keapjen giet Klaas net yn. Hastich as er is, jout er Boersma opdracht de hiele elektryske ynstallaasje te fernijen. As Boersma komt en der is noch gjin tastimming fan 'e gemeente, doart Klaas dochs net troch te setten. De beide mannen reitsje wol oan 'e Bearenburch: dochter Klaske en de postrinder binne op it lêst ek oan inoar fersein. Mar dêrmei komt de sjek net boppe wetter. Wylst Klaas elkenien fertinkt, komt der oan de âldfammesteat fan syn suster in ein: de gemeente-amtner hat har frege. Omdat Klaas fan keapjen ôfsjoen hat, komt it harren raar oer it mad as syn syster ek noch mei it nijs komt dat hja tegearre de beide huzen kocht hawwe. En noch mâlder sjocht Klaas as bliken docht dat syn suster de sjek nadere hat. Dy hie tritich-tûzen gûne te ferwachtsjen oan fersekeringsjild. Sa komt der wer frede yn 'e hûs en kin it feest om de beide oan inoar ferseine pearen mar oangean.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WAL, Albert van der |
Titel: | Efkes ryk |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-12-15 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |