Efter de kimen

It tema fan de boer, dy't syn soan de pleats tatocht hat en dêr yn teleursteld wurdt, is net bepaald nij te neamen. Mar de motiven fan dizze soan, Anders Annema, foar heit syn desillúzje binne it op it toaniel dochs grif wòl (al is it oarspronklike stik dan ek al jierren âld). Hy giet nei see om in leafde foar Richt, syn broer's faam, net skine te litten en om fierrens kwyt te reitsjen. Mar dat slagget him min en as er trije jier letter (as heit fan fertriet ferkwynd is) thúskomt, de pleats der fertuteaze hinne leit om't syn broer (Rommert, de dreamer) net foar it spul berekkene is, en boppedat Richt en hy yn earmoede en disharmonije libje, begjint foar Anders de striid op 'e nij: bliuwe of fuort. Hy giet wer fuort... mar fiif jier letter komt er - om ûntspanning te sykjen foar syn drok sakelibben om utens - werom, en no yn in folslein (ek geastlik) teheistere húshâlding mei in deasike Rommert. Wat no?? Op en út in karakter-stik. NB Dit wie it earste jûnfoljende toanielstik fan O'Neill.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): O'NEILL, Eugene
Titel: Efter de kimen
Skreaun yn: 1920
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Hoop, L. de (bew.)
Oarspr. Titel: Beyond the horizon
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6