Eksessen
De ferneamde skriuwer Ponjee hat yn ien fan syn boeken in moardferhaal beskreaun, dêr't de dieder ûnmooglik fan fûn wurde kin. In man hat dat ferhaal, dêr't in paraplu foar brûkt wurdt, yn praktyk brocht. Hy is lykwols foar dy moard wol oppakt en opsletten. No't hy kâns sjoen hat om út te brekken, wol er wraak nimme op'e skriuwer. Mei fernimstige middels wit er de skriuwer yn'e skjirre te krijen en it hat der alles fan dat Ponjee troch syn eigen moardferhaal dea reitsje sil. Ta syn gelok hat de skriuwer in arbeidster dy't de moardner te snoad ôf is. In aardige ienakter, dy't it wurdich is op spile te wurden.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MEESTER, Bouke |
Titel: | Eksessen |
Skreaun yn: | 199? |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-11 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 5 |