Eldert’s muoike

Hidde, Arend en Eldert binne studint en wenje yn in hûs fan Hidde syn heit, de kolonel; de hearen binne alle trije fereale: Hidde op Alma, Eldert op Ine en Arend dreamt fan syn eardere freondinne út Snits, Menta. Santema, in advokaat - omke fan Alma en fâd fan Ine - sil delkomme en dan komt Eldert mei de ferrassing dat hy syn muoike út Brasilië ferwachtet, de rike widdo Donna Pepita. Santema sil ûnder de yndruk reitsje fan de widdo en Arend wurdt frege om har te beselskipjen. Dêr fielt er ynearsten neat foar mar úteinlik seit er it ta en dan komt der in telegram dat muoike in pear dagen letter komt. Dat liket slim want Santema sjocht al nei syn 'proai' út en hy moat geunstich stimd wurde yn ferbân mei syn sizzenskip oer Alma en Ine... En dus spilet Arend in pear dagen foar Donna Pepita en pas yn it tredde bedriuw komt de echte muoike opdaagjen, mei har muoikesizzer út Snits, dy't Menta hjit en fansels komt alles goed yn dizze echte klucht.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PETERS, Rosita
Titel: Eldert's muoike
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle G.
Oarspr. Titel: De tante van Charlie
Ynfierdatum: 1998-06-05
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5