Elk foar himsels
Jan Tuinstra keapet rommel op, dat er (as Jean Ternata) yn syn winkel wer ferkeapet as guod mei antike of argeologyske wearde. Sipke is syn help by it bedragen fan de klanten. Hy is sabeare fan Yslânske komôf. Jean Ternata hat in soarte fan relaasje mei Thea Haaksma, dy't har foar de twa hearen oer foardocht as 'Titia Heackerslot', in rike frou. It docht bliken dat dy ferhâlding boud is op leagens en bedroch. Jan tinkt er finansjeel better fan te wurden, wylst Thea fan har kant wraak nimme wol foar har freon dy't troch Jan by de poat naam is. Mar Jan wurdt warskôge troch syn freon Marten en by eintsjebeslút wurdt net Jan, mar Thea de persoan dy 't yn har eigen streek rint.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ROZENDAL, Anders |
Titel: | Elk foar himsels |
Skreaun yn: | 2001 |
Utjoen yn: | 2001 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2002-05-10 |
Dekor: | rommelwinkel |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 4 |
