Elk fynt syn master

Bernerjochter mefr. Berkhof hat in pear fammen feroardiele ta tichthússtraf. As se wer frij binne, wolle se har op har wreekje, en dat koart en goed, en dat sil wêze as se, wapene mei in revolver, mefr. Berkhof's wurkkeamer ynkomme, wêr't se net allinne har 'slachtoffer' mar ek dy har help yn'e húshâlding, oantreffe. De rêst, dy't der fan mefr. B. útgiet, tewyl 't se mei deasjitten bedrige wurdt, bringt Tine en Karin wat fan't sintrum. Der folget in lang petear, mar by eintsjebeslút sette de fammen ôf, neidat bliken dien hat dat harren revolver fanwege de 4 neppatroanen neat foarstelt en de rjochter krekt op'e tiid troch in eardere kollega fan de fammen op'e hichte brocht is fan harren plannen. As mefr. Berkhof tasein hat, dat se fan it gefal gjin wurk meitsje sil, hawwe wraakgedachten plak makke foar tankberens.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): GOETZ, Curt
Titel: Elk fynt syn master
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter: Knol, Jan
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-15
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 0