Emmaus 2000
Ynjûn troch it bibelferhaal fan de twa Emmaüsgongers, dy't Jezus net earder werkenden as nei't Hy bôle brutsen en útparte hie, is dit stik skreaun troch de dramaturch Manuel Straub. Pyt v.d. Zee hat der in knappe oersetting fan makke. It spilet him ôf yn in kafee, dêr't fertsjintwurdigers fan tsjerke en maatskippij elkoar moetsje yn in gearkomste oer de adopsje fan in lyts stedsje yn Afrika troch harren eigen gemeente. In ûnbekende skoaier", dy't krekt foar de mannen sûnder jas yn de streamende rein as in fersûpte kat yn it kafee kommen is en troch de dochter fan de kastlein sûnder te beteljen wer wat op ferhaal brocht is, sit as in ûnwolkomme gast, swijend by de kachel. Oan 'e ein fan it stik krijt ien fan de manlju ûnder it heechrinnende petear in hertoanfal en liket dea. De "skoaier" bringt him wer by en ferdwynt, de mannen alhiel fan 't sintrum efterlittend, elk reagearrende op syn eigen wize: Leauwe - ûnleauwe - machteleazens. In wûnder.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STRAUB, Manuel |
Titel: | Emmaus 2000 |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Zee, Pyt van der |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-06-10 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 5 |