Falskspilers

It stik giet oer in operetteferiening dy’t "The beggars opera" opfiere wolle. De repetysjes ferrinne lang net sûnder problemen. Neist de hieltyd wer weromkommende problemen mei de rolbesetting, is der sprake fan gekonkel, rabberij en amoereuze ûntwikkelingen. Slagget it de regisseur fan it selskip, dy’t maklik op de kast sit, om de foarstelling op ’e tiid ôf te krijen? En wat wol elkenien doch fan de nije toanielspiler?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): AYCKBOURN, Alan
Titel: Falskspilers
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2012
Te keap: 1
Oersetter: Stolte, Aafje
Oarspr. Titel: A chorus of disapproval
Ynfierdatum: 2012-07-05
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 9