Famylje
In famylje - mem, heit, en harren âlderen soan en dochter, mei harren 'oare helten'- giet mei mekoar op wintersport. Heit hat dit organisearre om noch ien kear by elkoar te wêzen foardat de deasike mem der net mear is. Yn stee fan gesellich mei mekoar de pistes ôf te glydzjen en 'glûhwein' te drinken komt der in protte âld sear boppe. Elk fan de útsprutsen karakters hat sa syn eigen frústraasjes. Net útsprutsen gefoelens, dingen dy 't yn it ferliene bart binne en famyljegeheimen komme hjirby oan it ljocht en meitsje fan dit famylje útstapke in pynlik byinoar wêzen. De mem spilet hjiryn in sintrale rol. As oan 'e ein blike docht dat se de kanker dy't se hat ûnferwacht dochs noch te boppe komme kin, is elkenien súver teloarsteld. 'Famylje' is in drama mei flistende dialogen, pynlike situaasjes en in soad wrange humor.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GOOS, Maria |
Titel: | Famylje |
Skreaun yn: | 2000 |
Utjoen yn: | 2003 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Zee, Tryntsje van der |
Oarspr. Titel: | Familie |
Ynfierdatum: | 2004-01-08 |
Dekor: | iendekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |