Fan leafde en balkons

In modern stik oer it spyljen fan in stik mei 't klassike tema oer oergeunst, rûzje en fjochterij tusken de famyljes Espre en Capo. De âlders fan Julia sille op in feest bekend meitsje dat harren dochter trouwe sil mei Paris, de soan fan de kening. Op it maskere bal ferskynt lykwols ek Romeo en dy dûnset mei Julia, ynstee fan Paris, dy't noch altyd oan memme'rokken hinget. En dêrom trout Julia stikem mei Romeo, mar dan slacht it needlot ta; troch dommens en misbegryp stjerre Paris, Romeo en Julia... De 'trochgong' fan it ferhaal wurdt hieltyd dien troch twa fertellers en dêrby komt dat it eigentiidske en humoristyske taalgebrûk hiel ferrassend wurket. In stik dat grif de jongerein oansprekke sil.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HENDRIKS, Ton
Titel: Fan leafde en balkons
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter: Wijk van der Gerda
Oarspr. Titel: Van liefde en balkons
Ynfierdatum: 1998-04-07
Dekor: 4 dekors
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 15
Tal manlju: 6