Ferfalske

It stik spilet him ôf yn in atelier/húskeamer fan in skilder. De skilder ferfalske eartiids skilderijen; doe 't de kenners hjir efter kamen, waard it him te hjit ûnder de fuotten en flechtte hy mei in frou nei Súd-Afrika. Syn eks-frou, dy't him net snuven hearre mei, en dochter bliuwe yn Nederlân efter. It ferhaal begjint op it stuit dat de plysje de dochter freget nei it atelier (yn Nederlân) fan har heit te kommen, omdat har heit, dy't sy net ken, dêr fermoardde fûn is. Hja komt mei har freon - in krekt ôfstudearre keunstkenner- nei it atelier en wurde dêr troch in "inspekteur" opfongen. Fierder draait it ferhaal foaral om in echt skilderij dat in protte jild wurdich is. De man tinkt dat syn eks dat earne ferstoppe hat. Uteinlik blykt de skilder net fermoarde te wêzen (hy is de "inspekteur"), hy wurdt troch de freon fan syn dochter ûntmakere. Al mei al in echte skriller.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DAVIDS, Ton
Titel: Ferfalske
Skreaun yn: 2002
Utjoen yn: 2003
Te keap: 1
Oersetter: Wyk, Gerda vander
Oarspr. Titel: Vervalst
Ynfierdatum: 2004-01-06
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3