Ferjit net te libjen
Yn in ientoanich bestean slite Perta, in âld-postkantoarhâlder en syn frou har dagen mei de lytse beuzichheden fan al den dei en mei útsjen nei de komst fan harren dochter Madeleine, dy't al mear as tsien jier earne yn Amearika tahâlden hat en dêre yn 'e showbusiness telâne kommen is. Ynienen komt se út 'e loft fallen en heit en mem - en fral ek 'har' ferduldige Caesar - witte har fan blidens gjin ried. Mar de wille is koart fan doer: se woe allinne mar even op 'e trochreis nei oare lannen oanwippe... En dan giet it libben fan aldendei wer oan foar de trije iensume minsken. Hokfoar doel hat it noch....?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WALSCHAP, Bruno |
Titel: | Ferjit net te libjen |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | 1979 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Kootstra, D. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-06-15 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 4 |