Fier om utens

Om't minsken yn de takomst net mear op ierde libje kinne binne der lytse romteskippen, mei elk twa minsken oan board, de romte ynstjoerd, mei it doel om nei tûzen jier werom te kommen as de ierde tsjin dy tiid wer better wurden is. Abe en Froukje binne ien sa’n pear dat yn beferzen tastân de lange reis makket. Healwei de reis wurde se wekker makke om't der wat mis is mei harren romteskip. Se binne foar harren reis yn in datingshow matcht troch in kompjûter, mar it docht al gau bliken dat se net sa goed by inoar passe as de kompjûter tocht hie…

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): Marc Kooij
Titel: Fier om utens
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2018
Te keap: nee
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2019-02-13
Dekor: yn in romteskip
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1