Fiere freonen

Fan de fjouwer freonen dy't eartiids in protte omgong mei elkoar hiene, binne trije troud, wylst ien om utens tein is. Yn dit stik komme de trije noch wol byelkoar, mar ien fan harren kin der net wêze om't er siik is. Wy wurde dus yn 'e kunde brocht mei trije froulju en ynearsten mei twa manlju. Fan it earste pear, Diana en Paul, fertinkt de frou har man derfan dat er it mei in oaren hâldt en wol mei de frou fan ien fan syn freonen. It twadde pear, Evelyn en John, hat in lytsenien, mar kin it ek net meiïnoar roaie. Allinne it tredde pear, Marge en Gordon, de sike man, kriget men de yndruk fan dat it sa min net giet. Op it stuit dat it stik begjint, komt de iene nei de oare yn 'e keamer by Diana en Paul, omdat de fjirde freon, fan wa't de faam dêr't er mei trouwe soe, ferdronken is, om fierrens wei wer thús komme sil. Hja sille him meiïnoar wolkomhjitte, hoewol't út it petear bliken docht dat net ien der folle mei op hat. Hja libje allegearre har eigen libben en wolle leafst net mei dea en soksoarte swierrichheden konfrontearre wurde. De fjirde freon, Colin, praat lykwols frijút oer alles wat er meimakke hat mei syn Carolin en dat net allinne, hy hellet ek dingen fan earder op oer harren sels, ferhalen dêr't se net botte wiis mei binne. As bliken docht dat de ferhâldingen yn de houliken minder ideaal binne as er ferwachtet, dan besiket er troch der oer te praten de fersakke fûneminten wer wat op te krikken. Mar wat er bewurket hat earder in averjochts effekt. En wylst der oan 'e ein sprake is fan dierbere freonen, bliuwt alles sa't it is en perspektyf sit der dus winliken net yn.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): AYCKBOURN, Alan
Titel: Fiere freonen
Skreaun yn: 1974
Utjoen yn: 1985
Te keap: 1
Oersetter: Tuinman, Anne
Oarspr. Titel: Absent friends
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3