Fjochtsje om leafde

Gigi en Hugo wienen earder troud en wienen beide grutte stjerren op it toaniel. Nei't Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op' e planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels. De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By einsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BALASKO, Josiane
Titel: Fjochtsje om leafde
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2012
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Un grand cri d'amour
Ynfierdatum: 2012-07-19
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 4