Fjouwerspan

De sliepkeamers fan Ernst en Hilde, Ron en Eva en dy fan Willem en Annet binne alle trije wol te sjen, mar wurde allinne beljochte as de hanneling en it petear him dêr ôfspilet. Ek it fjirde koppel, Kees en Lineke, dogge mei oan it fyn-ynleine spul fan minsklike ferhâldingen yn dizze ien jûn en nacht. Hoewol't der genôch brike sitewaasjes yn foar komme om de 'lakers' wat te bieden, fereasket dizze Ayckbourn foaral stille oandacht fan spilers en publyk.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): AYCKBOURN, Alan
Titel: Fjouwerspan
Skreaun yn: 1984
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, Gerrit
Oarspr. Titel: Bedroom farce
Ynfierdatum: 1998-04-19
Dekor: 3 sliepkeamers yn 1 dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4