Foar in frou op’e rin
Willem Brander is in frijfeint, dy't in doarpshoteltsje driuwt. Hy hat as gasten: in keunstskilder en in kreaze jongfaam. As it stik begjint komme der as gasten oan: heit, mem en dochter Pfaff, trije tige aparte typen. Justjes letter komt der yn panyk in jongfeint ynstowen, dy't seit dat er troch in frommes achternei sitten wurdt. Brander biedt him oan by him ûnder te dûken en foar de wissichheid syn uterlik sa te feroarjen dat er op in omkesizzer fan him liket. Men kriget mei persoansferwikseling te meitsjen en dêrtroch barre safolle wederwaardichheden dat it suver hast net beskreaun wurde kin. Oft alles komt sa as men ferwachtsje mei? Dy fraach hâldt oan'e ein ta de spanning fêst.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRUINHOF, Bernard |
Titel: | Foar in frou op'e rin |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Het zal je gast maar wezen |
Ynfierdatum: | 1998-05-29 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 4 |