Frânske kater
Arjen Soalsma syn wyfke moat om op te knappen in setsje nei it bûtenlân. Dat is foar Arjen in heel spul, want hy moat dy tiid allinne sjen om te krijen. Hy en syn maat bedarje op in jûn yn in kafee en fan it iene komt it oare. Hy rekket op it lêst mei twa jonge froulju nei hûs, om't dy oars sa let gjin plak mear krije kinne; hy hat nammentlik de auto fan ien fan harren yn syn oerstjoerens tsjin in beam 'total loss' riden, dêr't in jonge plysje him mei bemuoit. De oare moarns komt skoanmem harren oer 't mad, alhoewol't alles yn 't fatsoenlike tagien is. Ien fan de fammen sjocht op 'e troufoto dat it krekt dyselde deis 12½ jier lyn is dat Arjen troude. Dan komt ûnferwachts syn frou wer thús, neidat er omraak rûzje mei skoanmem hân hat. Sy hat de ôfrûne dagen dêrjinsen oer alles neitocht en bringt har swierrichheden foar it grutste part werom op skoanmem, dy't suver altyd by harren oer de flier kaam en har dochter noch as in bern sjucht en behannelet. Fan no ôf moat skoanmem in takke tebek en kriget it houlik wer kânsen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POSTHUMA, E. |
Titel: | Frânske kater |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | 1974 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |