Fretterij yn ‘e koal
Wobbe en Wike (40) en dochter Jikke (18) hâlde mei omke en muoike fakânsje yn in pension op it Amelân. Omke is net te hâlden. Hy wol bewege en fan de natoer genietsje. Hy wol fiskje, swimme, hurdfytse, judolessen nimme ensfh. Muoike, dy't it wat heech yn 'e holle hat en op elk en alles krityk hat, sjocht it dwaan fan omke in gat yn 'e kop. Omke syn healwizichheden jouwe tusken dy twa gâns kribbekeurichheden. As tsjinwar freget muoike monteur Abe ek mar om judolessen. Dizze Abe regelet alles foar harren en de rekkens dy't er útskriuwt sille harren letter soer opbrekke. Mar earst kriget omke it fan syn útwrydsk dwaan slim te pakken, dat hy prúst en snút dat it sta seit. As Abe him dan ek noch ferkeard iten tapart, rekket er mei de dongwein op 'e rin. Dy wei lâns komme omke en muoike sa stadichwei wer ta harren sels Jikke, dy't kunde hat oan in lêstejiers studint, hat thús de pil fergetten en dêr moat hja yn it lêst fan it stik de konsekwinsjes noch fan bekenne. Lokkich wurdt dat troch de âlden ek yn 'e blijspulsfear opnommen, dat oan 'e ein steane omke en muoike net allinne wer mei beide fuotten op 'e grûn, mar is der ek in jong en lokkich pearke, dat troch omke en muoike tige let en set wurdt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOF, Alle G. |
Titel: | Fretterij yn 'e koal |
Skreaun yn: | 1985 |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-12-15 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |