Friens of de Filippijnen
In ploechje minsken hat in reis nei de Filipijnen boekt by reisburo SNEL WEG. Se moetsje elkoar op in sammelplak yn Friens om mei de sjauffeur en de reisleidster yn 'e kunde te kommen. It is feest yn Friens en men soe sizze dat de fakânsjegongers ek in feurich sin hawwe. Mar dat jildt net foar allegear. Dêr hast bygelyks Ingrid, dy 't leafdesfertriet hat, of is der wat oars. Cilia, har mem, sit wakker oer har opstannige dochter yn. Dan is der noch Marie, dy 't swier hat mei har ynbylde kwaaltsjes, en Popke, dy 't troch syn bazige frou op 'e kop sitten wurdt. Desiree mei har marmotsjes net meinimme yn de bus, dus wêr moat se dêr sa gau mei hinne. As it selskip dan einliks sa fier is dat se fuort kinne, bart der wat slims.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POPMA, Froukje |
Titel: | Friens of de Filippijnen |
Skreaun yn: | 2009 |
Utjoen yn: | 2009 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2009-10-01 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |