Frijheid

Gjalt wol frij man wêze en bliuwe. Hij wennet op himsels mar hy bakt der mar in bytsje fan. Syn mem is in albedil en besiket him op 't rjochte paad te bringen: better op himsels passe, geregeld wurkje, op'e tiid op bêd en syn hûs skjin hâlde. Syn jongere broer Jan wurdt him ta foarbyld steld: dy is sunich, dy drinkt net en is deeglik ferloofd mei in deugdlike faam! Fansels fynt Gjalt syn broer in âld keardel mei in saai libben.... en om foar altyd fan it geëamel fan mem ôf te wêzen betinke hy en syn maat Pibe in prachtich plan. Se sille mem wolris wat sjen litte en roppe dêrby de help yn fan Bé, in frommiske dat aardich toanielspylje kin. It giet allegearre dat it slydjaget, mar hoe't it mei Gjalt syn frijheid komt?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): NAUTA, Dooitze
Titel: Frijheid
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-03
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3