Frou en faam

Steven Stadema, soan fan in grut skipsbouwer, komt fan praktykwurk út Frankryk wer thús. Sonder dat heit en mem der fan witte, is er dêrjinsen troud mei in française, Monica, in tige ynnimmend jong frommeske, dy't er meinimt. De omstannichheden op it stuit fan harren oankomst meitsje it Steven onmooglik om mei dizze ferrassing foar 't ljocht te kommen, sa't er fan doel west hie. Tafallich komt Monica net tagelyk mei har man ûnder de eagen fan syn âlden en like tafallich sitte dy op 't selde stuit te wachtsjen op in Frânsk tsjinstfamke dat it arbeidsburo harren tasein hat. Boppedat wolle de Stadema's, dat Steven him ferseit oan in goede freondinne mei in slompe jild, om heit en de saak út 'e pine te helpen. Beret en handich lit Monica har de rol fan de nije faam oanplakke, mei alle konsekwinsjes dy't dat foar de jongelju beide meibringt, oant.... In alderaardichst, fris blijspul, fol koartswyl en romantyk, dat men allinne foar kar nimme moat as men it oer alle boegen goed besette kin. //Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DEVAL, Jacques
Titel: Frou en faam
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1965
Te keap: nee
Oersetter: Westra, B.
Oarspr. Titel: Soubrette
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4