Froulju op ‘e barrikaden

Tema: de emansipaasje fan de frou. Boerinne Atsje, dy't kontakt hat mei in emansipaasjebeweging foar de frou, sil de stellingen fan dy beweging thús yn praktyk bringe. Dat is der de oarsaak fan dat har man Sytse skjin syn nocht kriget, mei fan gefolgen dat er har it mannewaar opseit en hja de koffers pakt en nei har mem giet. Dochter Froukje, dy't fierhinne mei har ideeën ynstimt, hat kunde oan Jan Engelsma, in berops-aktivist, dy't yn in kommune libbet en oars net docht as demonstraasjes organisearje. Heit Sytse hat noed mei syn dochter en wol mei Jan yn 'e kunde komme, foardat er Froukje gewurde lit. Dat petear falt noch net iens sa gek út: Jan sil Sytse op 'e pleats helpe as soan Jelke in skoftsje nei Kanada is. Dy reis giet lykwols net troch, want Jelke kriget in auto-ûngemak en dat bringt tagelyk syn heit en mem wer byinoar. Fierder kriget Jan syn Froukje en Jelke syn Goaitske, dêr't er kunde oan krigen hat.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STIENSTRA, L.
Titel: Froulju op 'e barrikaden
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 3