Froulju op sicht

Tema: In âldman, dy't net mei syn skoandochter oer de wei kin. Klaas de Vries moast destiids trouwe mei Minke en hoewel't er in hekel hat oan spul, hat dat feit makke dat er him wat te maklik ûnder syn frou deljoech. Se hat dêr rynsk gebrûk fan makke, sis mar fan misbrûk. Se hawwe in soan, Okke, fan 27 jier, dy't noch net safolle mei froulju omgien hat, dat it op trouwen liket. Fierder ferkeart Pake, Klaas syn heit, dêr yn 'e hûs, mar dy en Minke kinne it net roaie. Sy is skytskjin en pake rûgelet om it hurtsje tabak en jiske, mar de oast sit djipper: se kin de âldman net om har hinne ferneare. En se stjoert him no en dan sonder dat se ferlet hat om in boadskip de buorren yn. Okke is fan doel om in advertinsje yn 'e krante te setten om ferkearing te krijen en hy riedt pake oan om in húshâldster te freegjen en dan mei dy yn in âldereinwentsje te gean om sa syn selsstannigens werom te krijen. It giet oan: der wurde twa advertinsjes opjûn. Klaas, dy't nachttsjinst hat, wurdt oangeande Okke syn plannen yn betrouwen nommen en de sollestanten wurde oproppen as Minke in dei nei in gearkomste fan de plattelânsfroulju sil. De earste sollestante foar Okke liket der net op en de twadde is Freke, it buorfamke.. Dy beide wurde it iens. De earste sollestante foar húshâldster by pake liket der ek net op en de twadde is... Minke, syn skoandochter. Sy hat brieven fûn, guon ôfskreaun en hat har mei in prûk op foar ien fan 'e gadingmakkers trochgean litten. Pake, dy't der gjin erch yn hat, fertelt fan de swierrichheden mei syn skoandochter en sa. Dat beteart fansels mâl. Hoe?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STIENSTRA, L.
Titel: Froulju op sicht
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 3