Fûgels
De 60 jierrige Jaap (troud mei Just) freget him ôf wat it libben him noch te bieden hat. Ynienen komt de jongere, strakkere Linda foarby. En ja hear, hy hapt ta. Mar letter ferskynt de noch jongere Carla... Just nimt in gloednije flat foar harsels. Gûlt en begjint op 'e nij. Lestich is wol dat har nije flat pal tsjinoer de flat fan har eks-man en nije freondinne stiet. Se kinne by elkoar yn 'e keuken, of slimmer noch, by elkoar yn 'e sliepkeamer sjen. Wat moat se dwaan? En hoe sit it mei har eigen romantyk? Is dat no foar altyd oer en út? Wurde Jaap en Just wol lokkich sûnder elkoar? Is der in wei werom? Kinne se wer yn itselde hûs en troch deselde doar? De sênes wurde oanelkoar breide troch twa fertellers. De taskôger fljocht fan hjoed nei juster en fan ferline wike nei in oere earder deselde moarn!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HEYDEN, Haye van der |
Titel: | Fûgels |
Skreaun yn: | 2003 |
Utjoen yn: | 2005 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Haan, Jikke de |
Oarspr. Titel: | Vogels |
Ynfierdatum: | 2005-12-28 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 2 |