Fusearje

Fusearje! Dit liket Boonstra, eigener fan in foeraazjebedriuw wol sa folle as fleanen. Alhoewol't syn mem der al faker as ien kear op oanstien hat om mei de Brún yn see te gean, wol er de kop der foar hâlde. De Brún, hy kin it neamen fan dy namme amper ferneare. Mar hoe't er ek skript, bystien troch syn dochter Betty, it bedriuw komt yn'e reade sifers. De bank wol gjin kredyt mear jaan, der moat rie skaft wurde. Syn frou, in wyt hynderke dat in protte struien nedich hat, hat nergens euvelmoed yn. Dan docht syn boekhâlder him it útstel om in liening by him ôf te sluten, mar dy hat fiergeande konsekwintsjes. Der sit neat oars op foar Boonstra dan ta te slaan. Etlike boeren binne al ûnder it net fan de konkurrint beflapt. As der in fertsjintwurdiger komt dy't foar in skaplike priis leverje kin, tinkt er dat er de slach noch winne kin. In pear dagen letter komt de aap út'e mouwe. De fertsjintwurdiger is de soan fan de Brún en hat it oanlein met dochter Betty. Boonstra is opsternaat, mar by eintsjebeslút moat er troch de bocht. It hie lykwols minder beteare kind, it bliuwt in famyljebedriuw: ek syn mem en de Brún smite de lapen gear. ## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HAGEN, Bert
Titel: Fusearje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: nee
Oersetter: Tuinman, Anne
Oarspr. Titel: Kleintjes leggen het loodje
Ynfierdatum: 1998-05-29
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0