Gaswacht

Durk en Piter binne twa ynbrekkers dy 't net al te folle gelok hawwe yn it fak. Troch in nij trúkje komme sy te witten wannear de minsken net thús binne. Sa geane sy by Jilt en Niny Dijkstra oan de slach as dy ôfset binne foar in itentsje en teater. Earst komt it stel ûnferwachts werom as Niny mei de auto fan Jilt de bedriuwsauto fan de ynbrekkers oanriden hat. Grutte skea oan beide auto's. De ynbrekkers ha it lef om werom te kommen en it slagget harren om de Dijkstra 's sa te manipulearjen dat se de antike klok meijouwe, sa is de skea betelle. As de ynbrekkers troch hawwe dat it echtpear der nochris op út giet, kinne se de ferlieding net wjerstean om de nije sintrale ferwarmingskachel mei te nimmen. It wurk wurdt wer ûnderbrutsen want Jilt en Niny komme sûnder bezine te stean. En geane mei in taksy nei it teater. Nei alderhande tûkelteammen komt der ek noch in ûntploffing om 't buorfrou in sigaretsje opstekt.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HIJMA, J.J.
Titel: Gaswacht
Skreaun yn: 2003
Utjoen yn: 2004
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2004-12-30
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3