Gefare-trijehoek
In freonlik stikje oer in pear 'gewoane' minsken, hy kantoarman, sy húsfrou. Omdat dat libben sa egaal en sûnder aventoeren is, ha se foar harren tegearre in wrâld fan ferbylding skepen. Dêr geane se beide tige yn op en dat bynt harren mei in ûnferbreklike bân fan ferealens en leafde. De sênes tusken harren binne wol komysk, mar se moatte 'oprjocht' spile wurde. Se ha alle wille yn har ferbyldingswrâld en Klare har blier omgean mei Wiebe syn 'aventoerkes' jout de noadige o hedens yn 'e sêne mei Boate. Dy begrypt der earst neat fan mar as er it begjint te leauwen, fielt er him suver mei yn 't komplot, mar sa bliuwt it net.... Dan komt kafee-hâldster, frou Ropta, noch mei de klopen yn 't spul, mar nei de earste argewaasje, is it slotpetea rêstich en har ôfgean ek. En dan binne Wiebe en Klare wer tegearre yn harren mearkewrâld en se jouwe harren dêr wer noflik yn del: der mei lykwols gjin karikatuer fan har personaazjes makke wurde!.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BENFIELD, Derek |
Titel: | Gefare-trijehoek |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1997 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Meter, Gerrit |
Oarspr. Titel: | Third party risk |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |