Gepiel om toaniel

Op de bestjoersgearkomste fan 'e toanielferiening docht bliken dat de kar fan it nij te spyljen stik harren yn ferlegenheid bringt. It is wer it âlde lietsje: te min manlju. Dan wurdt it útstel dien om froulju de manljusrollen spylje te litten en manlju de frouljusrollen. Nei in soad tsjiniggewearjen sille se dit dochs ris besykje. Allerhande brike setten komme hjir út fuort, it soe te fier gean om dat allegear út 'e doeken te dwaan. Al moat sein wurde dat eigen famylje der sels yntrapet en bang is dat Klaske, ien fan de haadrolspylsters, har yn ferkeard selskip ophâldt. Hoe 't alles ôfrint? Sa as wenst, goed fansels.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WAL, Hette van der
Titel: Gepiel om toaniel
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1989
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5