Gewoan te gek

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten - Lisette, Femmie, Isar en Bram - wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn 'e 'normale' maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan 'e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in 'dip', om't syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op 'normale' minsken. De wethâlder dy't ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte. Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe't de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen 'gekke' wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in 'talintfol' gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan 'e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DAVIDS, Ton
Titel: Gewoan te gek
Skreaun yn: 199?
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Oersetter: Veen, Janny van der
Oarspr. Titel: Gewoon te gek
Ynfierdatum: 2000-05-23
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4