Glêzen boartersguod

Yn ien fan de Amearikaanske grutte-steds minskepakhuzen wennet Amanda Wingfield mei har soan en har dochter. Har man, dy't nei jierren oanien in gewoan baantsje hân te hawwen, dêr op in stuit genôch fan hie, hat har doe samar ynienen ferlitten, is op aventoer gien en se hat noait wer wat fan him heard. Amanda skynt eartiids as frou wol meidwaan hawwe te kinnen en libbe yn har dwaan en litten winliken noch yn de ferline tiid. En se besiket dat ek op har bern oer te bringen. Har soan, Tom, hat in gewoan kantoarbaantsje en toant yn 'e rin fan it stik deselde driuw as syn heit. De dochter, Laura, hat in tige sterk minderwardichheidsgefoel en ferdjippet har thús yn in spul mei glêzen byldsjes, dêr't se alhiel yn opgiet, omdat dy foar har begûn binne te libjen. De mem nimt de soan yn 'e earm en freget him ris in gaadlike kollega fan it kantoar mei te nimmen nei hûs om op dy wize har dochter ris mei manlju yn 'e kunde te bringen. As dy opset slagget en der dus in jongeman komme sil, makket Amanda dêr alles foar klear: der wurde kosten noch muoite sparre om alles goed slagje te litten. It docht bliken dat dy jongkeardel deselde is dêr't Laura mei op skoalle sitten hat en dy't se sa bewûndere en dêr't se faaks yn har fantasije wol fan hâlden hat. Har ferlegenens nimt suver syklike foarmen oan, mar yn it petear mei him wurdt se dochs op 't lêst harsels en komt it safier dat hy har in tút jout. Dan komt foar har de grutte ôfdijer, as er seit dat er al fersein is en daliks fuort moat. Hy kriget it moaiste glêzen byldsje fan har mei...... ## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WILLIAMS, Tennessee
Titel: Glêzen boartersguod
Skreaun yn: 1944
Utjoen yn: 1979
Te keap: nee
Oersetter: Boorsma Sr., F.
Oarspr. Titel: The glass menagerie
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2