Goeddwaan leannet himsels

Pake is by it strykjildskriuwen oan in doarpsherberch hingjen bleaun en bewennet dy no mei syn beide dochters. As bliken docht dat der gjin kop yn it kafee komt, set de man de folgjende advertinsje yn 'e krante: "Foar slimme sykten dêr't de dokter mei sit is 't mooglik dat ik wol wat wit." Hoewol't er it om it jild net dwaan hoecht, hopet er sa dochs wat flecht op 'e koai te krijen. Hoe 't er mei kommende pasjinten oan moat, sil er dan wol sjen. Dy earste pasjinten binne Wiersma en 'e frou. Efterôf docht bliken dat Wiersma syn frou in man yn frouljusklean is en dat dat stel troch de plysje socht wurdt. Pake en syn dochters wurde gewaar dat dy Wiersma's in protte jild by har hawwe en de grouwe slúf dêr't dat yn sit kinne hja, as hja wolle, samar naderje. As hja mei mear as fyftich tûzen gûne yn 'e hannen sitte, wurdt der skille en komt der in resjersjeur yn, dy't efter twa bankrôvers oan sit. It einbeslút is, dat de beide bankrôvers ynrekkene wurde en dat Pake en de dochters mei de fyftich tûzen gûne sitten bliuwe dêr't gjinien weet fan hat. As de bankdirekteur komt om harren te betankjen, lit dy útkomme dat it kweade straft wurdt en it goede beleanne: hy docht dat mei in oranjekoek en blommen. Dat, Pake konkludearret: goeddwaan leannet himsels. Just, seit de iene dochter. Jawol, seit de oare. En dan alle trije: Tankewol. Ut.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STELWAGEN, Tsjibbe
Titel: Goeddwaan leannet himsels
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-15
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 5