Grutte bern
Dit stik spilet him ôf yn in grut simmerhûs. Yn de simmer wurdt it bewenne troch de mem, in widdo, har dochter, dy't by de man wei is en in soan mei de frou. De mem beslút in twadde houlik oan te gean mei in man, dy't har jeugdleafde west hat, in leafde dêr't se beide nea frij fan kommen binne. Sy wol it simmerhûs, neffens de winsk fan har ferstoarne man, de bern taparte. Dat jout swierrichheden, want de soan, dy't al yn gjin fiif jier thús west hat, easket syn part yn jild op en dat kinne de beide oare bern net opbringe. By eintsjebeslút sjocht de mem fan trouwen ôf en beslút om yn it simmerhûs te bliuwen. Dit binne de uterlike feitlikheden, it giet derom, wat der him inerlik by dizze minsken ôfspilet. Dit is in stik foar guon dy't wat djipper dolle wolle as sljochtweihinne. In stik, dat foar spilers mooglikheden yn hat om ta karakterferdjipping te kommen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GURNEY JR, A.R. |
Titel: | Grutte bern |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Zee, Tryntsje van der |
Oarspr. Titel: | Children |
Ynfierdatum: | 1998-05-28 |
Dekor: | simmerhûs |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 2 |