Hannel is hannel
Jisse Snider is in poerbêste fakman, dat moat sein wurde, mar yn it sakedwaan is er net al te goed te fertrouwen. Dat wittende, besiket Linkema, in garaazjehâlder út it doarp, him foar de kroade te riden mei it betingst dat de lêste 50 gûne foar it pak dat er him by baas Snider oanmjitte litten hat, allinne betelle wurde sil 'as der neat oan mankearret'. Doeke, de soan, sjocht it swurk driuwen: hy lit Auk, syn suster, in mouwe fan it pak ôftoarne as it klear is en besoarget it, kreas yn in doaze pakt, by Linkema, dy't 'flot' 300 gûne betellet sa't ôfpraat wie. Dat beteart mâl fansels, mar... losse mouwen jilde 50 gûne it stik (sjuch etalaazje!) en dus... Noch altyd in floatich stikje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JAASMA, F. |
Titel: | Hannel is hannel |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-15 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 3 |