Happy family
Bindert Koetsier, de baas fan it bedriuw, sil allinne (syn frou is fuortrûn) mei de pakesizzers nei Skylge. Ek in dochter fan ien fan de wurknimsters giet mei. Bareld Groeneweg, in âld freon fan Bindert, wol him mei ha nei Súd Amearika, achter de jonge froulju oan, lyk as eartiids. Hy hat op syn mobyltsje ek allegearre foto's en filmkes dy't net geskikt foar jonge bern binne. Mar Bindert wol sa net mear. Op Skylge ferdwynt de dochter fan de wurknimster. Hat Bindert har wat oandien? Is Bindert wol de man dy't wy tinke? Hokker rol spilet Bareld hjir yn?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BIJSTERVELD, Sieger |
Titel: | Happy family |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2010 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2010-12-25 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |