Hazzefleis
Jildert Mulder, likernôch 50 jier, hat jierrenlyn in man oanriden, dy't inkelde dagen letter yn it sikehûs stoarn is. Jildert, dy't fanwege houliksproblemen tefolle drank op hie, is trochriden. Hy is net de iennige dy't sadwaande mei in skuldgefoel troch it libben moat, want Sander, syn soan, hat de skansearre auto sjoen en it ferbân mei it ûngemak lein. As Sander jierren letter Pierre, de soan fan it slachtoffer, op it konservatoarium kennen leart, wit hy it mei dy syn help safier te krijen dat de widdo in kontaktadvertinsje sette lit. En mei help fan syn suster slagget it him ek dat syn heit der op skriuwt. Sa moetsje Jildert en de widdo elkoar yn in restaurant en dêr bliuwt it net by, want Jelly, sa hjit de widdo, noeget Jildert mei soan en dochter út om by harren mei har fiven it Krystmiel te brûken. Dat miel is in hazze, dy't Jildert ûnderweis in kear deariden hat... By it feestmiel makket de drank de tongen los en as Jildert en Jelly tegearre dûnsje, bekent sy him dat sy wit dat hy har man oanriden hat, mar dat er dêr net oan stoarn is. Syn ferstjerren is har skuld. Sy woe him kwyt....Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ABMA, Willem G. |
Titel: | Hazzefleis |
Skreaun yn: | 1992 |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-11 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 4 |