Heijermans en Shakespeare
As Vera, nei in koarte fakânsje, yn it hotel werom komt, is dat it begjin fan in tige spannende en emosjonele wike. It hotel wurdt troch ferskillende minksen mei alderhande bedoelings besocht. In jong famke (swerfster) dreaun troch de honger, in gangster op syk nei diamanten, in Belch, in frou dy yn it tsjuster it paad bjuster is, in jonge frou dy net seit dat se by de plysje wurket, in freondinne fan Vera, mei minder goede bedoelings en har broer dy't him yn it kriminele sirkwy bejout. En dan is der ek noch har mem Victoria, eks aktrise, dy't har op de senuwen wurket troch al mar wer teksten fan Heijermans en Shakespeare te sitearjen. En der rint noch in swakbejeftige, net pratende putsjeman om, dy't in hiel belangrike rol spilet sûnder it self te beseffen. In famylje foto jout oanlieding ta wylde spekulaasjes en laat úteinlik ta moard. It blykt dat ferskillende persoanen op de ien as oare wize mei-elkoar te meitsjen ha. Uteinlik komme de minnen achter de traaljes en komme der bettere tiden foar Vera.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SNOEREN, Jo |
Titel: | Heijermans en Shakespeare |
Skreaun yn: | - |
Utjoen yn: | 2002 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wyk, Gerda vander |
Oarspr. Titel: | Heijermans en Shakespeare |
Ynfierdatum: | 2004-01-06 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 4 |