Heit wêze

'Heit wêze' is in tragi-komeedzje oer dûbele moraal, ferjouwing en wraak. Moat in soan foar syn heit soargje at dy dat noait foar him dien hat? Daniel hat in modern, iepen houlik mei Lara. Syn nijste flam hjit Anoek: in lekker jong ding, spannend en net komplisearre. Dan komt Daniel syn âlde heit foar it ljocht ; oait in rokkejager, mar no slim siik. Daniel sit net allinne yn' e mage mei de man, dy't nochal wat krityk hat op syn wize fan libjen. Mar ek mei Anoek, dy't it yn de tuskentiid oanleit mei in Spanjaard en in Poal. En Lara, minder bliid mei it frije houlikslibben, suchtet en wachtet ôf. Of net?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEYDEN, Haye van der
Titel: Heit wêze
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2009
Te keap: 0
Oersetter: Haan, Jikke de
Oarspr. Titel: Vaders
Ynfierdatum: 2009-06-16
Dekor: bankje, flat, keamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2