Hjoed is de lêste dei
Frits Deen, skriuwer fan syn berop, hat in tige kreaze frou troud, mar fergiet al fan oergeunst as oaren mar nei har sjogge. It pear is befreone mei Fred Burns en syn húshâldster. En no fertinkt Frits syn frou derfan dat dy it mei Fred hâldt. Dat levert in slimme scène op. Syn frou kin it net mear oan en mist ek de macht om ûnder de sitewaasje wei te kommen. Frits jout har dan in toanielstik te lêzen, dêr't er harren sitewaasje yn dramatisearre hat. In sitewaasje dy't útrint op neat minder as in moard. Fuort dêrnei wurdt Frits yn 'e bosk dea oantroffen en komt de plysje yn it spul. Fred wurdt hâlden foar de skuldige, mar oan 'e ein docht bliken dat it selsmoard west hat, mei de bedoeling om Fred - en tagelyk ek syn frou - te treffen. In lûdbân bringt op 't lêst de oplossing.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WOUDSTRA, Karst |
Titel: | Hjoed is de lêste dei |
Skreaun yn: | 197? |
Utjoen yn: | 1978 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 7 |