Hjoed Kristine
Kristine en har freon Filip meitsje har yn harren flat ree om de jierdei fan Kristine te fieren. Se hawwe der noed mei, dat Kristines âldelju aanst ek komme en harren stimpel op it feest drukke sille. Der hinget al yn't foar in benearjende sfear oer de besite. Oarsaak is dat Kristine wol net wer in jierdei hawwe sil te fieren en dat mem dêr perfoarst oer prate wol en Kristine net. Hjir komt by dat Kristine yn har libben folle mear begryp fûn hat by har heit as by har mem, mar heit begjint stadichoan demint te wurden. Fansels komt it ta in konfrontaasje, mar mem begjint wat te begripen en te akseptearjen fan Kristines wize fan ôfskie nimmen fan it libben. Foar't se fuortgeane, dûnset Kristine noch ien kear mei heit.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VERBOGT, Thomas |
Titel: | Hjoed Kristine |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1994 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Heden Christina |
Ynfierdatum: | 1998-05-11 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |