Hoantsje Pik
Gretske, de dochter fan de Koalebranders is in earsten pronkepau. Dat har heit en mem stoef arbeidzje moatte om sinten foar har nije klean op 't kleed te bringen, docht har neat. As sy mar foar de spegel omdraaie kin; dat is har iennichst geniet. De warskôgings dat "Hoantsje Pik", it mantsje efter 'e spegel, sokke pronkers in kear pakt, slacht se yn 'e wyn. Soks bart fansels al in kear en yn it ryk fan dit meunster moat se omstean leare. Gelokkich dat der noch in pear bysfeinten binne dy 't har te hulp komme. Hoantsje Pik is in mearke, dêr 't âld en jong wat fan leare kinne en elk sil der tagelyk ek noch in soad wille oan belibje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STOKER, A.G. |
Titel: | Hoantsje Pik |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | 3 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 10 |