Hoe is’t mei him?

In man en in frou. Krekt skieden, dy’t ôfsprutsen ha dat se bêst de caravan hâlde kinne en him beide brûek kinne. Krekt as hy him ynstallearre hat foar twa wiken op de camping, komt sy ek mei har koffer oansetten. De caravan diele, jawis! Mar nét tagelyk! Wa bliuwt en wa giet fuort? En dan komt ek noch de nije freondinne fan de man mei in kofferke oansetten. Ferrassing… En wa is dochs dy “him” dêr’t hieltyd nei frege wurdt hoe’t it mei him giet? In ferhaal mei in protte humor om de faak werkenbere situaasjes, mar ek mei in ûndertoan: it sear fan twa minsken dy’t út inoar dreaun binne troch omstannichheden.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STEEGSTRA, Anja
Titel: Hoe is't mei him?
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2017
Te keap: 1
Oersetter: nvt
Oarspr. Titel: nvt
Ynfierdatum: 2017-11-15
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1