
Hotel Hellman
Hotel Hellman is in eigentiidske, fleurige en absurde oade oan Fawlty Towers en sit grôtfol mei yntriges en rarichheden. De hystearyske hotel-manager besoarget himsels net allinnich in hege bloeddruk mar ek allegearre swierrichheden. Tsjinwurke troch syn Dútske skoanmem, syn wat ûnnoazele frou dy’t gek fan musicals is en de altyd fleurige mar tige nijsgjirrige buorfrou, besiket hy syn smoar rike tante yn te palmjen om jild te ynvestearjen. Wylst de help besiket te rêden wat der te rêden falt, meitsje de gasten der lang om let in soadsje fan. In drankoargel fan in aktrise en in wat heal-sêfte dokter is noch dêroan ta. Mar mei de komst fan de eardere “gûchel-assistinte” fan de manager wurdt it in gekkeboel. Elk hat wol wat te ferbergjen en it publyk wit nei trije kertier fan de foarstelling hast net mear wat wier is en wat net. Hotel Hellman hat alle yngrediïnten fan in klucht, mar is eins noch folle komplekser.Want hoe lang kinst op ’e rin wêze foar dyn ferline? Hoefolle troude manlju leaust noch? Hoefolle alkohol kin in mins ferneare? Hoefolle geheimen kin dyn gewisse oan? Yn hotel Hellman binne se der allegearre fan oertsjûge dat sy it wol oant yn de ivichheid folhâlde sille. Oant it earste lyk út de kast komt. Letterlik.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | Molenschot Richard |
Titel: | Hotel Hellman |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2019 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Burgy, Anneke & Molenschot Richard |
Oarspr. Titel: | Hotel Hellman |
Ynfierdatum: | |
Dekor: | foyer fan in ferfallen hotel |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Kooperative Utjouwerij yn Ljouwert. Opfieringsrjochten moaten fia dizze útjouwerij regele wurden. |
Tal froulju: | 7 |
Tal manlju: | 2 |

