Houliksperikels

Hessel en Anke Boustra binne 7 jier troud en útsjoen op elkoar. Hessel is arsjitekt en sit in soad efter syn buro; as er thús komt, jout er him del op de bank mei syn fakliteratuer en syn fransk konjankje. Anke hat hjir sa stadichoan skjin har nocht fan. Se wiist him derop dat in houlik net allinne út arbeidzjen, reizgjen en fiere lannen besjen bestiet, mar dat de fundearing fan in houlik bestiet út leafde en respekt foar elkoar. Se beslute om 6 wike apart op fakânsje te gean en dan in beslút te nimmen: trochgean of skiede. Hessel wol graach witte wat syn frou docht en ropt de help fan syn buorman, in advokaat, yn. Buorman warskôget Hessel foar de gefolgen fan dizze 6 wike. Anke freget buorman itselde: hâld in eachje op Hessel. Anke besiket om wat te reservearjen op in eilân en Hessel sil sa as it hjit nei Parys. Op de dei fan de fakânsje giet Hessel krekt sa as oars kreas yn't pak nei kantoar en sjocht Anke alhiel net stean... Dan fynt der in metamorfose plak en sjogge se yn dat leafde alles oerwint.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HOF, Alle G.
Titel: Houliksperikels
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 1999
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2000-03-20
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2