Huzaresalade

Henk sjocht dat Nance yn in supermerk in bakje huzaresalade pikt en merkt dat de manager it sjoen hat. Hy betellet it tagelyk mei syn oare boadskippen sadat Nance net op stellerij betrape wurde kin. Nance helpt Henk om de boadskippen thús te krijen. Om 't glûpende kâld is mei se har by de kachel opwaarmje. As se him ferteld dat se dy nacht bûten sliepe moat, begruttet it Henk om har. Se kriget in miel iten en mei even lekker ûnder de dûs. Hy wasket en drûget har klean en se mei dy nacht bliuwe te sliepen. De oare moarns jout hy har noch in lunckpakket, wat fruit en 20 euro mei. De besite fan dizze frjemde jongedame is de buorfrou net ûntgien en sy freget om útlis. Dy jûns stiet Nance wer by Henk foar de doar. No hat se ek noch in freon meinommen. Dat sint Henk neat, mar hy lit it doch ta. Hy fynt it goed dat se ien nacht bliuwe, mar dêrnei moat it definityf ôfrûn wêze. Dy nacht betrapet hy it duo dat dwaande is om syn hûs troch te sykjen en wurdt it ek dúdlik wêrom 't hy sa begien wie mei de libbensomstannichheden fan Nance.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ELICH, Loek
Titel: Huzaresalade
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2016
Te keap: 1
Oersetter: Schildstra Betty
Oarspr. Titel: Huzarensalade
Ynfierdatum: 2017-01-06
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2