Ien dei frede?!

De Paus, dy't yn New York op besite is, hat him foarnommen om in pear dagen út te rêsten fan alle drokten dy't oan sa'n besite fêst sitte. Hy wol yn alle stilte weiwurde troch in syddoar fan it gebou dêr't er op dat stuit syn ferbliuw hat. By de syddoar wurdt er opheind troch Samuel Leibowitz, dy't him mei syn auto nei syn hûs bringt en him dêr foarearst mar yn 'e kelder opslút. As er syn húsgenoaten (frou, soan en dochter) op 'e hichte brocht hat, wurdt de Paus yn 'e húshâlding fan de famylje opnommen en dy helpt de frou út en troch in hantsje by har húshâldlik wurk. Yntusken is der fansels grut alarm slein en wurdt der op alle manearen besocht om gewaar te wurden wêr't de Paus sit - mar sûnder sukses. As rabby Meijer by de famylje L. oer de flier komt en it spul yn 'e rekken kriget, wol dy graach it grouwe bedrach oan tipjild opstrike, en dan komme plysje en legermacht der oan te pas om syn Heechheid te ferlossen. Dat sit har lykwols net glêd, want Samuel hat foar minen en dynamyt soarge, en as der in oerfal driget, lit er it spul ûntploffe. De lospriis dy't bekend makke is, is neat minder as 'Oer de hiele wrâld sil 24 oeren lang frede komme' en sil der gjin minske fermoarde wurde. In ding dêr't de Paus fansels hielendal efter stean kin en dat dogge de Feriene Naasjes ek, dat der kin oan it betingst foldien wurde. De Paus, dy't it, sa't er seit, wakker nei 't sin hân hat by de fam. L. en dêr tige útrêst is, komt wer frij en.... de wrâld giet op 'e âlde foet fierder: mei moardzjen en oarlogjen. It stik is opdroegen oan Angelo Guiseppe Roncalli, dat is Paus Johannes de 23e. //Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BETHENCOURT, Joao
Titel: Ien dei frede?!
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1983
Te keap: nee
Oersetter: Jansma-Vries de, W.
Oarspr. Titel: The day the Pope was kidnapped
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 5