Ien foar ’t brekken

De haadpersoan is hjir in frommeske, Nora, dy't foar de twadde kear troud is, mei in widner mei in dochter fan in jier of 18. Nora hâldt dizze man gauris foar dat har earste man gâns mear keardel útmakke as hy. It liket har soms suver te muoien dat dy earste man, in sekere Albert, der net mear is en foar de wet deaferklearre is. Ynienen komt dy 'ferstoarne' Albert dochs wer yn 't fermidden en it docht har bliken dat hy yn uterlik noch aard lang net oan Harry, de twadde, takomt. Likegoed besiket Nora har earste man noch tsjin de twaade út te spyljen, mar dy beslacht dat ornaris mei de gek. Mar op 't lêst komt de aap út 'e mouwe: it giet Albert net om Nora, mar om har jild, en dan is Harry foar har wer de bêste. Albert komt ek noch raar te pal as syn twadde frou ferskynt en him sonder folle omslach meifiert. Koartswilich en lichtfuottich, mei bûten de haadpersoanen noch in pear nijsgjirrige figueren dy't meitsje dat der alderaardichste dialogen yn sitte.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): OWEN, Armitage
Titel: Ien foar 't brekken
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Stienstra, J.
Oarspr. Titel: A husband for Nora
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3