Ik betelje de reiskosten

Beppe wennet by har oerbeppesizzer Harry yn, mar har hâlden en dragen is sadanich, dat Harry der útpiket en syn mem middels in brief dêrfan op'e hichte bringt. Syn mem Ida beleit yn syn hûs in famyljeberie, wêryn 't bepraat wurde sil hoe't it mei beppe no fierder moat. Fansels wurdt de mooglikheid fan in âldereinhûs oppere, mar beppe seit dat se dan fergif ynnimme sil... Harry syn frou hâldt har wâl noch wat op en seit dat se besykje sil Harry sa te bepraten dat er wer thús komt. Ida wol beppe perfoarst fuort ha en lit har sels ûntfalle dat sy wol foar de reiskosten stean sil. En dan slacht beppe ta, sy wol nei Kaapstêd, nei in oare beppesizzer. De deune Ida wol net op har tasizzing, dêr't tsjûgen by wiene, werom komme. Beppe en Harry ha har der moai tusken. De hiele alteraasje is op tou set om't beppe sa minlike graach har beppesizzer yn Kaapstêd nochris sjen woe...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JENNINGS, Gertrude
Titel: Ik betelje de reiskosten
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: I'll pay your fare
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 0